Survivalrun krijt mooglik stipe

© Omrop Fryslân
De survivalrun fan Koatstertille krijt mooglik finansjele stipe fan de gemeente Achtkarspelen. Dat hat wethâlder Postma sneontejûn sein by de huldiging fan priiswinners út de gemeente.
De survivalrun waard ferline wykein foar it earst hâlden. Doel is lykwols om der in tradysje fan te meitsjen. De run soe yn 2004 op de wedstriidkalinder fan it Nederlânske survivalbûn komme moatte.