Seleksjedei wenje yn wâldhúske

© Omrop Fryslân
Der bestiet 50% kâns dat in Frysk gesin mei de peaske in wykein trochbringt yn it wâldhúske yn it iepenloftmuseum yn Arnhem. Fan de seis kandidaat-gesinnen komme der trije út Fryslân.
It winnende gesin sil in wykein lang yn it húske wenje yn de sfear fan 1947, dus wol mei elektrysk, mar sûnder streamend wetter. Sneon wie de seleksjedei. Woansdei wurdt bekend hokker gesin deryn mei.