Hease Kruys kin Cambuur net rêde

© Omrop Fryslân
Cambuur wie freedtejûn in maatsje te lyts foar Excelsior. De Ljouwerters ferlearen de útwedstriid mei 3 goals tsjin. Dy kamen op namme fan Lopes yn 'e earste helte, en Buffel en Sususepa yn 'e twadde helte.
Excelsior wie dúdlik de bettere ploech. Trainer Gert Kruys rekke syn stim kwyt en moast de ynstruksjes oan 'e sydline oerlitte oan assistint Henny Lee.