PvdA-gewest ek foar Andriesen
It gewestlik PvdA-bestjoer stipet de steatefraksje yn 'e kar foar Anita Andriesen as nije deputearre. Dêrmei litte se fraksjeliedster Gea van Dijk falle. Neidat se heard hie dat se it net wurde soe, is Van Dijk opstapt.
Deputearre Sicko Heldoorn wurdt nei alle gedachten boargemaster fan Opsterlân. Syn beneaming moat lykwols noch wol goedkard wurde.