'Utslach Ljouwert doocht net'

08 mrt 2002 - 00:00

De partij Fris 2000, fan listlûker Chris van den Berg, hat beswier makke tsjin de ferkiezingsútslach yn Ljouwert. Van den Berg hat it fermoeden dat der op ien of mear stimburo's ûnregelmjittichheden west ha, wêrtroch de telling net doocht.

Advokatekantoar V.d. Berg, Tuinman en Sleijffer hat fia in oantekende brief frege om in wertelling. De gemeente seit de brief net krigen te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)