Aksjes yn de bousektor

08 mrt 2002 - 00:00

Der wurdt moandei aksje fierd yn de bousektor. De wurknimmers protestearje dêrmei tsjin it útbliuwen fan in nije CAO foar de bou. Moandei waarden al op ferskate plakken prikaksjes hâlden.

Grutste stroffelstien is de regeling foar de reistiidkompensaasje. De wurkjouwers wolle fan dizze regeling ôf. De bûnen wolle dêr wol oer prate, mar allinnich as ûnderdiel fan oare easken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)