Grutte drugsorganisaasje oprôle

© Omrop Fryslân
Opspoaringstsjinsten hawwe yn it Noarden in grutte drugsorganisaasje oprôle. By hûssikings yn Fryslân, Grinslân en Drinte hat de plysje op ferskate adressen seker 100.000 XTC-pillen fûn.
Fierder waard in frachtwein fol grûnstoffen foar pillen fûn en waard 12 kilo amfetamine yn beslach naam. By de ynfallen binne trije manlju oanhâlden. Se hiene ek fjoerwapens yn har besit.