VV Aldehaske kin útwreidzje

De fuotbalklup fan Aldehaske mei flink útwreidzje. Dizze wike krige de klup tastimming fan de gemeente Skarsterlân foar de bou fan ûnder oare ekstra klaaiboksen. De útwreiding is nedich om't de klup de ôfrûne jierren flink groeid is. Oarsaak is de populariteit fan it frouljusfuotbal.
Der moatte yn totaal twa klaaiboksen bykomme, mooglik wurdt de kantine ek noch grutter. De wurksumheden moatte foar de start fan it nije fuotbalseizoen klear wêze.