Oername Laurus: personiel bliid

07 mrt 2002 - 00:00

It personiel fan de Laurus-supermerken is bliid mei de gedeeltlike oername fan it konsern troch it Frânske Casino. Casino nimt foar 200 miljoen euro in belang fan 37,6% yn Laurus. It bedriuw krijt in opsje op mear oandielen.

By it Laurus-konsern hearre de supermerken Edah, Super de Boer en Konmar. Laurus hat in grut distribúsjesintrum op it Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)