Fryslân: PvdA grutte ferliezer

07 mrt 2002 - 00:00

De PvdA is de grutte ferliezer fan 'e riedsferkiezings. Yn Fryslân ferlear de partij meiinoar 18 sitten. De winst kaam foar in grut part telâne by pleatslike partijen, want dy wûnen 14 sitten. De FNP wûn meiinoar 8 sitten. Oare ferliezers binne D66 - twa sitten achterút - en it CDA, ien sit achterút.

VVD en Christenunie giene súntsjes foarút mei 2 en 3 sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)