Grut ferlies PvdA Dongeradiel

© Omrop Fryslân
De PvdA is de grutte ferliezer fan 'e ferkiezings yn Dongeradiel. De PvdA ferliest 2 fan 'e 4 sitten. It CDA fersterkt har posysje yn Dongeradiel en giet fan 8 nei 9 sitten. Ek is der winst foar Algemien Belang Dongeradiel; fan 2 nei 3 sitten. CDA en Christenunie hawwe tegearre in mearderheid yn Dongeradiel.
De opkomst yn Dongeradiel wie mei 66,4% justjes leger as yn 1998.