VVD wint yn Gaasterlân-Sleat

06 mrt 2002 - 00:00

De VVD is de grutte winner wurden fan 'e ferkiezings yn Gaasterlân-Sleat. De liberalen ferdûbelen sawat en sprongen fan twa nei fjouwer sitten. Alle oare partijen bleaune gelyk; dat kin omdat Gaasterlân-Sleat der twa sitten yn 'e ried bijkrijt. It CDA bliuwt de grutste partij mei 5 sitten.

De opkomst yn Gaasterlân-Sleat wie mei 73,1% twa persint heger as yn 1998.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)