PvdA krijt klap op It Bilt

© Omrop Fryslân
It PvdA is de grutte ferliezer fan 'e ferkiezings op It Bilt. De sosjaaldemokraten sakken fan 26.6 nei 18.2 persint, goed foar ien sit ferlies. De VVD wûn der op it Bilt in sit by. De liberalen giene fan 12,3 nei 18,4 persint, goed foar ien sit winst. CDA en Wurkgroep It Bilt hâldden harren 5 en 4 sitten.
De opkomst op it Bilt wie 62,6 persint, 1,8% leger as yn 1998.