Ljouwert skoart 'min'

06 mrt 2002 - 00:00

De prestaasjes fan Ljouwert binne ûnder de maat yn ferliking mei dy fan oare grutte gemeenten yn Nederlân. Dat blykt út in ûndersyk fan De Volkskrant.

De krante hat de prestaasjes fan de 35 grutste gemeenten besjoen. Ljouwert komt dêrby op it 31e plak. Dik boppe-oan stiet Grins. Yn it ûndersyk is ûnder mear sjoen nei kriminaliteit, sosjale sekerheid en ferkearsfeiligens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)