Legere straf foar ûngelok
In Dokkumer (38) krijt yn heger berop in heal jier selstraf ûnder betingst mei 2 jier proeftiid. Hy feroarsake in ûngelok by Rinsumageast wêrby't twa susters út Oentsjerk ferstoaren. Ien fan harren wie yn ferwachting.
De Dokkumer krijt ek 240 oeren taakstraf en hy mei 30 moanne net autoride. De advokaat-generaal hie 1,5 jier selstraf tsjin him easke.