Marsum wol bushalte werom hawwe

© Omrop Fryslân
Marsum wol de halte fan bustsjinst 91 werom hawwe. Sûnt ferline wike stoppet de bus net mear yn it doarp. Op de wei nei it doarp jildt in limyt fan 30 km, en dêrom duorret de reis te lang, seit Noordned. De bus giet no oer de fjouwerbaansdyk rjochting Harns.
Bus 71 stoppet noch wol yn it doarp mar dy riidt net rjochting Menaam. Doarpsbelang sil mei Noordned om 'e tafel.