Brok wol in noch hegere toer

© Omrop Fryslân
De problemen mei de Achmeatoer binne noch net oer, mar wethâlder Arno Brok fan Ljouwert fynt no al dat der wol in twadde hege toer by kin yn it Ljouwerter stasjonskertier. Dy twadde toer mei fan Brok noch wol wat heger wurde.
Boppe yn de toer soene lúkse apparteminten komme kinne, yn it ûnderste part kantoarromte. Brok sei dit moandei op de grutte VVD-ferkiezingsjûn.