SP:'Smoarge grûn azc moat skjin'

© Omrop Fryslân
De Soasjalistyske Partij yn Ljouwert easket dat de gemeente de fersmoarge grûn ûnder azc De Bonkefeart skjin makket. Koartlyn hat de gemeente besletten dat der op dat plak permaninte bou komme sil. Op it plak dêr't no it azc stiet, wie yn de jierren 70 en 80 in stoartplak. Undersyk troch twa buro's hat útwiisd dat der swiere metalen yn de grûn sitte.