Finansjele problemen De Terp

© Omrop Fryslân
Opfangtehûs De Terp yn Ljouwert hat grutte finansjele tekoarten. De fraach nei opfangplakken wurdt hieltyd grutter. Ut it beliedsplan fan De Terp docht bliken dat de wurkdruk ûnder de soarchferlieners heech is mei as gefolch in grutter syktefersom.
Neffens de direksje moat der 1 miljoen euro by. Wethâlder Sluiter seit dat dit aanst in taak is fan it nije kolleezje.