Gjin tongblier yn Ingelân

© Omrop Fryslân
De ûnrêst earder dizze wike oer in mooglik nij gefal fan tongblier hat om 'e nocht west. De definitive útslach fan 'e twa fertochte skiep yn Yorkshire is negatyf. Der is gjin spoar fan tongblier fûn, sa makke in wurdfierder fan it Ingelske regear snein bekend.
It Ingelske ferfiersferbod foar fee kin no opheft wurde. Brits fee kin ek eksporteard wurde nei de fêste wâl.