Titel kin Romme hast net ûntgean

© Omrop Fryslân
Martin Hersman wûn snein de 1500 meter op de NK. Hy ried mei 1.52'66" in baanrekord. Romme waard twadde, Ids Postma tredde. Postma moat no op de 10 km fiif sekonden goedmeitsje op Romme en dat is in wol hiel drege opjefte.
Romme liket dêrmei wol hast wis fan titel en meidwaan oan de WK. Hersman fynt dat ek en lit dêrom de 10 km rinne. Ritsma heakke sneon al ôf.