Lêste kampanje-sneon

© Omrop Fryslân
De kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings berikke sneon in hichtepunt mei ûnder oaren ferkiezingsmerken yn Drachten en Ljouwert. D66-steatssiktaris Gerrit Ybema socht ek de hichte op. Hy fierde op 'e Aldehou kampanje mei D66Ljouwert. De demokraten lieten ballonnen los mei in kaartsje foar reaksjes.
D66 stiet der min foar yn 'e peilings, mar neffes Ybema komt it wol goed.