NHL-krante ferdwynt

© Omrop Fryslân
De 12 jier âlde NHL-krante ferdwynt. De twawyklikse krante foar studinten fan 'e NHL hat neffens it kolleezje fan bestjoer te min ynhâld. De krante mei in oplaach fan 11.000 eksimplaren wurdt nei de simmerfakânsje ferfongen troch in moanliks ynfobulletin.
Fierder wil de NHL mear kommunisearje fia ynternet. Wat der mei de redaksje fan 'e NHL-krante bart is net bekend.