Twa fiskstreupers oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa fiskstreupers oanhâlden. De manlju út Urk hiene nei alle gedachten oan it streupen west op de Burgumermar. Yn de kofferbak fûn de plysje 40 kilo snoekbears en 400 meter netten.
By de Burgumermar waard in boatsje fûn dat wierskynlik fan de Urker streupers is. In team fan AID, plysje en provinsje hat fisk, netten, auto en boat ynnommen.