Asbest yn wetterliedings
Sa'n 40 prosint fan de wetterliedings yn Fryslân binne makke fan asbest. In wurdfierder fan Nuon Wetter jout dat ta nei oanlieding fan fragen fan de FNPsteatefraksje dêroer. De FNP makket him soargen oer gefaar foar de folkssûnens.
Neffens Nuon Wetter is asbest net skealik as it mei wetter it lichem ynkomt. Allinnich yn 'e longen kin it gefaarlik wêze.