Oanbesteging ferdûbeling Wâldwei

© Omrop Fryslân
Maksimaal fjouwer bedriuwen komme yn de beneaming om de Wâldwei te ferdûbeljen. Freed pleatst Rykswettersteat in ad- vertinsje om it wurk út te besteegjen.
Foar heal april wol RWS maksimaal fjouwer bedriuwen selektearje en takom jier wurdt dêrút de definitive kar makke. De ferdûbeling tusken Ljouwert en Nijegea moat yn 5 jier tiid klear wêze.