Praktysk probleem troch dualisme

© Omrop Fryslân
Dualisme is it nije prinsipe dêr't de gemeenten neffens wurkje moatte. Wethâlders sitte bygelyks net mear yn de ried. Doel is de polityk iepener en spannender te meitsjen.
In praktysk gefolch fan dualisme is dat der mear stuollen yn de riedseal moatte. Foar guon gemeenten is dat in probleem. Yn Snits wurde âlde, grutte stuollen ferfongen troch nije, lytsere.