Rebecca kin gjin Frysk lêze
It kommersjele regionale radiostasjon Rebecca hat in parseberjocht fan 'e FNPôfdieling Ljouwert weromstjoerd omdat net ien fan 'e meiwurkers Frysk lêze kin. Rebecca wol tenei graach de post fan 'e FNP yn it Hollânsk ûntfange.
FNP-listlûker Sybren Posthumus fynt it mar nuver dat in op Fryslân rjochte radiostasjon net ree is om Frysk te lêzen. "Sa'n reaksje ha 'k noch nea hân."