Enerzjypriis foar betinker huzen
De betinker fan de Leguane-huzen yn Starum hat in priis krigen. De Nederlânske Sinne-enerzjypriis is foar Hendrik Gommer. Hy hat de tapassing fan sinne-enerzjy befoardere. Hy sette de earste Europeeske sinnepanieleboulevard op.
Om't minister Jorritsma te min foar sinne-enerzjy die, waard er prikkele him dermei dwaande te hâlden, sei er.