Melkert: 'gjin boarrings Waad'

25 feb 2002 - 00:00

As it oan PvdA-foaroanman Ad Melkert leit, komme der definityf gjin gasboarrings yn it Waad. Dat hat Melkert moandei sein by in besite yn Fryslân.

Melkert krige yn Harns in manifest oanbean oer de takomst fan it Waad. Neffens him wurdt it tiid dat it tydlike ferbod op boarrings omset wurdt yn in permanint ferbod. Ek moat it dien wêze mei kokkelfiskerij en militêre oefenings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)