Earste hûnehúske yn Drylts

© Omrop Fryslân
Drylts hat moandei it earste hûnehúske fan Nederlân krigen. It húske is in metalen bak dêr't mei in skepke hûnestront yn smiten wurde kin. Nij is dat dy bak oansletten is op it rioel.
Wymbritseradiel wol it probleem fan hûnestront serieus oanpakke. Ek yn Heech, Wâldsein en Toppenhuzen komme de húskes. Alle hûne-eigners yn de gemeente ha in skepke krigen foar de bak.