VVV kin noch net ferhúzje

© Omrop Fryslân
De ferpleatsing fan it VVV-kantoar yn Ljouwert komt yn gefaar troch de problemen mei de Achmea-toer. It kantoar soe ferhúzje nei de toer, mar no't dy oant 20 maart mei stekken ôfset is, is it ûnwis oft it trochgean kin.
Ferline wike foel troch de hurde wyn in gevelplaat fan de Achmea-toer. It is ek net wis oft it VVV-kantoar noch langer neist it stasjon bliuwe kin.