Google súkses yn it Frysk
De Fryske ferzje fan ynternet-sykmasine Google smyt deis sa'n 3500 pageviews op. In pageview is fergelykber mei in 'hit'. Google is sûnt in pear moanne yn it Frysk beskikber. Om Google yn it Frysk te krijen, surfe jo nei www.google.com en kieze jo by 'voorkeuren' foar Frysk as interface-taal.
Google is yn it Frysk oerset troch Fryske Akademy-meiwurker Henk Wolf.