Ferplegers yn De Terp
Opfangsintrum De Terp yn Ljouwert sil gearwurkje mei soarchgroep Noarderbreedte. Doel is âldere dak- en thúsleazen dy't dêr wenje en help nedich hawwe, yn De Terp sels te fersoargjen.
De bewenners hoege dan minder gau nei in sike- of ferpleechhûs. Dêr fiele se harren faak net thús. It giet om in goed fjirtich bewenners.