Winst fytsefabrikant Accell
Fytsefabrikant Accell hat ferline jier 19 persint mear winst makke as yn 2000. De omset bleau mei in goeie 200 miljoen euro gelyk. Accell is produsint fan de fytsemerken Batavus en Koga Myata op It Hearrenfean.
De omset nimt yn 2002 wer ta, sa ferwachtet finansjeel direkteur Sybesma. Hy slút oernames fan oare fytsemerken net ut.