Within Temptation op Wâldrock

24 feb 2002 - 00:00

De populêre Nederlânske metalband Within Temptation is boekt foar Wâldrock 2002. De band stiet op it stuit heech yn de hitlisten mei it nûmer 'Ice Queen'. Njonken Within Temptation hat ek de Amerikaanske hardcoreband DRI 'ja' sein.

It Wâldrock-festival wurdt dit jier hâlden op sneon 22 juny. De lokaasje is lyk as foarige jierren oan de Simmerdyk, krekt bûten Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)