'Eask fan Remkes is dom'

24 feb 2002 - 00:00

De eask fan steatsekretaris Remkes om mear hierwenten te ferkeapjen is dom. Dat seit direkteur Hettinga fan wenningstifting De Fryske Greiden yn Boalsert.

De lêste jierren binne al in soad hierwennings ferkocht en op it stuit is der sels krapte. Ferskate wenningstiftings beheine no krekt de ferkeap. Remkes seit dat benammen yn 'e rânestêd hierhûzen ferkocht wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)