Utwreiding skoallen Dongeradiel

© Omrop Fryslân
B&W fan Dongeradiel wolle hast 500.000 euro útlûke foar de útwreiding fan trije skoallen. De skoallen yn Hantumhuzen, Easternijtsjerk en Ternaard hawwe al in skoft te kampen mei rûmtetekoart.
Yn Easternijtsjerk is in plan foar in nij lokaal dêr't ek in pjutteboartersplak yn komme kin. Yn Hantumhuzen moat in lokaal boppe it fytsehok komme. Yn Ternaard wol men ek in ekstra lokaal.