Protest tsjin sluten postkantoar
De wykferiening Lemmerweg yn Snits protestearret sjin it sluten fan in postagintskip yn it Suden fan de stêd. De bewenners fan de wiken Tinga, Duinterpen, Brekken en Lemmerweg East neame it sluten fan it postkantoar in ferlies foar de wyk.
Se hawwe hantekens ynsammele om it protest krêft by te setten. Dy wurde ynkoarten oanbean oan de gemeente.