Pottertsjinst op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Der is in oerienkomst tusken de boeken fan Harry Potter en de tsjerke. Alteast, dat fynt de dûmny fan de gereformearde tsjerke op it Hearrenfean.
De jeugdrie fan de Sionstsjerke lûkt har neat oan fan de reboelje om de Pottertsjinst koartlyn yn Grinslân. De jeugdrie organisearret snein gewoan in tsjerketsjinst mei as titel: 'Potterkijkers'.