Feemerk stiet opnij faai

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter feemerk stiet opnij faai. Direkteur De Jong fan it FEC wol de merk slute, omdat er in soad lêst hat fan de merk en der gjin jild is om de hallen oan te passen.
De Jong kin sels net mear ynvestearje, der moat no dúdlikens komme oer de subsydzjes fan de provinsje. Oant dy tiid wol er de feemerk slute. Deputearre Bijman sil moandei wer mei De Jong prate.