'MCL is gjin opfanghûs'

22 feb 2002 - 00:00

Sûne útprosedearre asylsikers binne net wolkom yn it Ljouwerter MCL. It komt hieltyd faker foar dat asylsikers dy't útprosedearre binne op strjitte telâne komme en net wite wêr't se hinne moatte.

Koartlyn kloppe in echtpear mei twa bern oan by it MCL. It wie striemin waar en it gesin krige in nacht ûnderdak. Dêrnei moasten se wer fuort. Neffens wurdfierder Mostert is it MCL gjin opfanghûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)