Brânwachtkommandant stapt op

21 feb 2002 - 00:00

Ynterim-kommandant Sjoerdstra fan de brânwacht Hearrenfean hat syn ûntslach yntsjinne by it gemeentebestjoer. Oanlieding is in brief dêr't yn stiet dat hy net goed funksjonearje soe. It is net dúdlik wêr't de brief wei komt. De brânwachten dy't de brief ûndertekene hawwe soene, ûntkenne dat.

Sjoerdstra kombinearre it wurk mei syn wurk as kommandant yn Skarsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)