Nij logo Douwe Egberts
It kofjefroutsje ferdwynt út it byldmerk fan de Douwe Egberts-kofje. Neffens in wurdfierder fan Douwe Egberts yn Utert sil der fan 't maaitiid in nij logo mei in moderner uterlik presintearre wurde.
It skinkende froutsje mei de kanten mûtse sil dan skrast wurde. It ryksargyf yn Ljouwert is yn it besit fan in 150 meter lang argyf fan Douwe Egberts.