Surch moat ton ha foar doarpshûs

21 feb 2002 - 00:00

Surch hat sa'n 100.000 euro nedich foar de bou fan in nij doarpshûs. Der is al jierren ferlet fan in mienskipsgebou, mar it jild is in grutte stroffelstien.

It doarp hat sels 75.000 euro byinoar brocht, ûnder oaren troch de stipe fan 25.000 euro troch fersekerder Zurich. De rest moat fan de gemeente komme, dy't dêrfoar miskien de Europeeske Leadersubsydzjeregeling brûke kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)