Ferkrêfting: foararrest ferlingd

21 feb 2002 - 00:00

It foararrest fan de 21-jierrige fertochte fan in ferkrêfting yn de Eikenstrjitte yn Ljouwert is mei 30 dagen ferlingd. Dêrmei sit de man 60 dagen fêst, it maksimale foar foararrest.

De man wurdt fertocht fan it ferkrêftsjen fan in frou fan 74 jier. It forensysk ynstitút yn Rijswijk komt nei alle gedachten oer twa wiken mei mear dúdlikens oer it DNA-profyl fan de dieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)