Mooglik ûntslaggen by NNBT

19 feb 2002 - 00:00

Der driigje nei alle gedachten ûntslaggen by it Noard-Nederlânsk Buro foar Toerisme. Yn 'e nije opset is gjin plak mear foar alle santich meiwurkers. It personiel kriget tongersdei te hearren hoe't de flagge derby hinget.

Ferline jier stie de toeristeorganisaasje der finansjeel net al te goed foar, mar dat is oplost. Foar de koarte termyn sjocht it der goed út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)