Ambulânsperikelen Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach is twaspjalt oer it nije ûnderkommen foar de ambulâns. B en W wolle de garaazje flak by de bernebuorkerij oan 'e Easterseewei hawwe. En dêr giet de riedskommisje Wonen en Werken net mei akkoart. Soks past net, miene se.
It kolleezje moat no mar omsjen nei in better plak. Opknappen fan de besteande garaazje is ek in mooglikheid.