Brada: wer fleis mei rêchmoarch
It Ljouwerter fleisbedriuw Brada hat foar de tredde kear fleis mei rêchmoarch eksportearre nei Grut-Brittanië. Dat dielde de RVV moandei mei. Rêchmoarch moat ferwidere wurde om't it de sykte BSE ferspriede kin.
Brada sil no in nij protokol meitsje om foar te kommen dat it faker gebeurt. Der wie no gjin gefaar foar de folkssunens om't it fleis fan in sûne ko wie.