WNF keapet 20 wylde hynders

18 feb 2002 - 00:00

It Wrâld Natuer Fûns, WNF, hat tweintich wylde hynders ût it Lauwersmargebiet opkocht. De hynders wurde heal april ferhuze nei it nasjonaal park Orlovskoje Polesie by Orel-Briansk, sa'n 500 kilometer besuden Moskou.

De bisten moatte helpe om it evenwicht yn it Russyske natuergebiet te herstellen. Earder binne om dizze reden ek al Nederlânske bisons nei Ruslân oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)